Van Erkelens djoere dykgraaf

Paul van Erkelens fertsjinnet mear as syn kollega-dykgraven
Dykgraaf Paul van Erkelens fan Wetterskip Fryslân fertsjinnet it heechste salaris fan alle dykgraven. Dat seit RTL Nieuws dat fan alle wetterskippen de salaris en ûnkostegegevens opfrege hat.
Nêst syn salaris soe Van Erkelens ek noch in saneamde amtstalage en persoanlike talage krije. Wetterskippen hâlde har goed oan de deklaraasjeregels. Wetterskip Fryslân wiist der op dat Fryslân it grutste wetterskip fan Nederlân is.