Gjin ôfspraken tsjin oerlêst

13 apr 2010 - 23:32

Der komme foarearst gjin hurde maatregels om de oerlêst yn de binnenstêd fan Ljouwert oan te pakken. Bewenners fan de binnenstêd krigen tiisdeitejûn de kâns om har soargen oer feilichheid en kriminaliteit út te sprekken.

Se fine dat de leefberens troch drugbrûkers en oerlêstjouwende jongerein hurd achterút giet. Amtners en wykaginten besochten mei de bewenners nei oplossings te sykjen, mar ôfspraken waarden der net makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)