Papieren út WO2 no by Tresoar

In grut part fan de kolleksje fan it fersetsmuseum is fan no ôf te finen by kultuerhistoarysk sintrum Tresoar. Under oare foto's, affysjes, kaarten en kranten út de Twadde Wrâldoarloch binne oerbrocht nei it sintrum.
Hjirtroch komt de folsleine papieren kolleksje út de oarloch yn Fryslân byinoar te lizzen. Sa wurdt it makliker foar minsken om spul út dy tiid op te sykjen. Ek is Tresoar goed taret op it behear fan soksoarte grutte kolleksjes.