Bommen wurde ein april opromme

De fjouwer fleantúchbommen dy't by de fleanbasis yn Ljouwert fûn binne sille op woansdei 28 april opromme wurde. Omwenners wurde dan evakueare, dêrneist moat it fee op stâl bliuwe. Dat hat de gemeente Ljouwert tiisdei bekend makke.
De bommen binne yn jannewaris oantroffen flakby de fleanbasis. Der waard noch efkes tocht dat der mear bommen rûn de fleanbasis leine, mar dat wie net it gefal.