Frou mei scootmobyl te wetter
In âldere frou is tiisdeitemiddei ferwûne rekke by in iensidich ûngefal op de Bûtenpôle yn Berltsum. De frou rekke mei har scootmobyl yn de sleat neist de dyk en siet fêst. De helptsjinsten hawwe de frou út it wetter helle.
Se is mei pine yn it liif en oan de heup nei fersoargingshûs 'Nij Statelân' yn Menaam brocht.