Feroarings by Omrop Fryslân

De omrop wurket oan fisy en strategy foar de takomst
Omrop Fryslân sil de kommende tiid dwaande mei it ûntwikkeljen fan in takomstfisy en in takomststrategy. De Omrop hat dêr it advysburo Boer en Croon foar ynskeakele.
Reden foar de stap is dat Omrop Fryslân in belangrike spiler bliuwe wol yn de media, sawol op it mêd fan radio en tillevyzje, mar ek op it ynternet. Dat wurdt hieltiten faker brûkt om it nijs te folgjen. Omrop Fryslân wol ynspylje op dy trend.