Everse advisearret Botteghin

13 apr 2010 - 13:52
  • Eric Fernando Botteghin (foto FC Zwolle)

Hearrenfeantrainer Jan Everse hat de direksje fan de klup it driuwende advys jûn om Eric Fernando Botteghin (22) fan FC Zwolle oer te nimmen. De fysyk sterke Brasiljaan hat noch in kontrakt oant 2011 by Zwolle.

It is bekend dat Hearrenfean foar takom seizoen op syk is nei twa ferdigeners. In linker ferdigener en ien dy't sintraal út de fuotten kin. Everse hat as trainer fan Zwolle twa jier wurke mei Botteghin dy't dwaande is mei syn fjirde seizoen yn Zwolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)