EVT giet troch mei feartsjinst

Neffens it rapport moat Doeksen de feartsjinst fersoargje
Rederij EVT is fan doel de kommende fiif jier troch te gean mei in feartsjint fan Harns nei Skylge. Moandei hat de rjochter bepaald dat it ûndersyk dat útfierd is yn opdracht fan it Ministearje fan Ferkear en Wettersteat nei de eksploitaasje fan de feartsjinst tusken Harns en Skylge iepenbier makke wurde moat.
Yn it rapport stiet dat der gjin romte is foar in twadde feartsjinst en dat rederij Doeksen dy feartsjinst it bêste útfiere kin.