Elmar Kuiper yn de prizen

13 apr 2010 - 09:58

De Fryske dichter Elmar Kuiper is nominearre foar de C. Buddingh-priis 2010. Dat is in literatuerpriis dy't útrikt wurdt oant it bêste Nederlânsktalige poëzijdebút. It giet om bondels dy't ferskynd binne tusken 1 maart en 28 febrewaris fan it foarôfgeande jier. Oan de priis is in bedrach fan tolvehûndert euro ferbûn.

Elmar Kuiper sit no by de lêste fjouwer. Op tiisdei 15 juny wurdt de winner bekend makke op it 41e Poetry International Festival yn Rotterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)