Baggerjen Langw. Wielen stil

13 apr 2010 - 09:46

It útdjipjen fan de Langwarder Wielen leit stil, omdat baggerbedriuw Joost Visser yn maart fallyt gien is. It wie de bedoeling dat in part fan de mar foar it skûtsjesyl-seizoen op djipte wêze soe. Dat slagget no net, mar ien en oar hat gjin gefolgen foar it skûtsjesilen fan dizze simmer.

De gemeente Skarsterlân hat hûnderttûzen euro yn it projekt ynvestearre. It is net dúdlik oft dat no weismiten jild is. Der wurdt socht nei in oplossing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)