Skaaltsje as neisoarchmiddel

12 apr 2010 - 20:57

Ulbe Dykstra fan Winsum hat in systeem útfûn om nêsten fan ljippen te beskermjen tsjin lânbouwurktugen: in betonnen skaaltsje. Dykstra kaam op it idee doe't in boer ferline jier oan him frege oft er net wat wist om in nêst maklik te ferpleatsen.

It betonnen skaaltsje liket it aai fan Columbus. It nêst kin yn it skaaltsje lein wurde en as it nedich is, sûnder smoarge hannen te krijen, ferlein wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)