Nije âldereinwenten Stiens

Foar âlderen yn Stiens dy't langer op harsels wenje wolle, komt in oplossing. Der wurde nammentlik 23 nije wenten yn it sintrum fan it doarp boud. It giet om santjin apparteminten en seis patiowenten. Stifting Palet sil yn gearwurking mei Wonen Noordwest Friesland dy wenten realisearje.
Foar dy lêste organisaasje is dit it earste projekt yn de gemeente Ljouwerteradiel. De wenten soene in útkomst foar de wachtlist wêze dy't der is by it soarchsintrum Skilhiem.