Betinking befrijing Westerbork

12 apr 2010 - 16:52

Op ferskate plakken yn ús lân waard moandei stilstien by de befrijing fan konsintraasjekamp Westerbork. Sa ek yn Fryslân. Ien fan de betinkingen fûn plak yn Drachten. By it joadske monumint yn it Van Haersmapark kamen inkele tsientallen minsken by elkoar om stil te stean by de slachtoffers út Smellingerlân.

De betinking yn Drachten is in partikulier inisjatyf en sûnder stipe fan de gemeente driget dy te ferdwinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)