Album Wytske op plak 28

It album fan Fryske sjongeres Country Wytske is dizze wike binnenkommen op plak 28 yn de Album Top 100. Se is dêrmei de op ien nei heechste binnenkommer, nei it album fan Slash. De cd 'Dûnsje Mei My' kaam koartlyn út.
Op it album stiet in tsiental Fryske bewurkings fan countryhits, ûnder oaren 'Ring Of Fire' fan Johnny Cash. Country Wietske, dy't eins Wietske Laverman hyt, makke earder diel út fan it duo Rinke en Wietske.