Stienzer klok wer yn toer

12 apr 2010 - 13:46

Yn Stiens hat in tal manlju de hiele moandeitemoarn drok dwaande west om in klok werom te hingjen yn de tsjerketoer fan it doarp. It giet om de lytse Annaklok. Dy hinget al jierren yn de Sint-Vitus-toer fan Stiens.

De Stienzer toer wurdt op dit stuit restaurearre en de klok wie ek wol oan in opknapbeurt ta. Moandei waard de restaurearre klok wer werombrocht yn de toer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)