Drafbaan Wolvegea rêden

Op de drafbaan yn Wolvegea sil wierskynlik yn septimber wer draafd wurde. Hynstefokker Casper Veldink en syn sakepartner John Bootsman hawwe in bod op de drafbaan ferhege nei 3,4 miljoen euro en dêrmei is de keap hast rûn. Ald-eigner Ed Maas sjocht no ôf fan syn plan de baan werom te keapjen.
Veldink en Bootsman wolle de drafbaan wer rindabel meitsje troch bettere ôfspraken mei drafsportorganisaasje NDR en mei de organisaasje dy't de weddenskippen regelet.