Jonges oppakt foar stellerij

12 apr 2010 - 12:21

Fjouwer jonges fan tusken de 14 en de 16 jier binne moandei fan 't bêd helle troch de plysje. Se binne oppakt om't se fertocht wurde fan it stellen fan jild op har skoallen. Op de Zamenhof-skoalle soene yn in heal jier tûzenen euro's út de kantine stellen wêze.

De plysje kaam de fertrochten op it spoar nei it hearren fan tsjûgen. De heit fan ien fan de fertochten is lilk op de plysje. Hy fynt dat syn soan by de arrestaasje fierste hurd oanpakt is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)