Ljouwerter bedrige yn Grinslân

12 apr 2010 - 11:59

In 23-jierrige Ljouwerter is snein bedrige mei in izeren foarwerp en yn elkoar slein. Dat barde yn Rasquert yn Grinslân. It slachtoffer ried oer de Warfumerweg doe't er ynhelle waard troch in BMW. Doe't dy hiel stadich foar him ried, helle de Ljouwerter him wer yn. Doe waard er troch de BMW fan de dyk riden en botste tsjin in beam.

Nei de oanriding bedrige de bestjoerder fan de BMW de Ljouwerter mei in izeren ding. In bestjoerder fan in Ford bemuoide him der ek mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)