Gjin jild diken Menameradiel

Menameradiel hat gjin jild om alle fernielde diken te meitsjen. Troch de froast is der grutte skea ûntstien, ûnder mear by de minyrotonde by Dronryp. Dy rotonde wurdt wol opknapt, mar oan de dyk tusken Bitgummole en Marsum wurde earst needreparaasjes dien. Fierder hopet de gemeente dat der noch wat wurk kombinearre wurde kin om sa jild te besparjen.
De diken yn Menameradiel wiene foar de froastperioade al min. Dêrtroch koe de skea no sa grut wurde.