Rydbewizen ynnaam by kontrôle

De plysje hat yn de nacht fan snein op moandei yn de hiele provinsje kontrolearre op alkohol yn it ferkear. Der waarden trije bestjoerders oantroffen dy't safolle dronken hiene dat ek har rydbewiis yn beslach naam waard.
In man út Sibrandabuorren krige in rydferbod fan trettjin oeren, ien út Kollumersweach mocht sân oeren net mear ride en in man út Aldegea Smellingerlân wie syn rydbewiis foar acht oeren kwyt.