Lange file foar tankstasjons

Boalsert (foto: Rudy Bouma)
Op ferskate plakken yn Fryslân stiene snein lange rigen auto's te wachtsjen om te tanken. By de pompstasjons fan Tango koe goedkeaper tankt wurde. Om't Tango 10 jier bestiet, wie benzine en disel 40 eurosint goedkeaper, lykas de prizen 10 jier lyn wiene.
Yn Boalsert stie al om healwei ienen in lange file, wylst de aksje pas om 14.00 oere begjinne soe. Guon wachten oardeloere foar har beurt. De aksje duorre oant 17.00 oere. Ek yn Ljouwert stie ûnder oare de Grinzerstrjitwei fol.