Man woe mei sabel ynbrekke

11 apr 2010 - 15:38

In Ljouwerter (37) is sneontenacht op It Hearrenfean oanhâlden. Hy hie besocht yn te brekken. De plysje krige in melding dat in man op de Melchior de Grotestrjitte mei in winkelkarke rûn en guod yn de struken dumpte.

Doe't de plysje oankaam, wie de man fuort, mar de karre en de troep wiene der noch wol. Letter is de man fûn. Hy besocht yn in hûs te kommen troch in sabel troch de brievebus te stekken. De Ljouwerter moast de sabel ynleverje en moast mei nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)