Plysje pakt hurdriders op

11 apr 2010 - 14:48

De plysje hat sneon it rydbewiis ynnaam fan in man (20) út Houtigehage. Hy ried yn Sigerswâld op De Klauwertswei 138 kilometer yn de oere. Dêr mei 80 kilometer riden wurde. Der is proses-ferbaal opmakke.

Op de N383, by Ingelum, hat de plysje sneontenacht op snelheid kontrolearre. Automibilisten meie dêr 80 kilometer ride. Fjouwer bestjoerders, ûnder har ek twa taksysjauffeurs, krigen in boete. Se rieden allegear te hurd, tusken de 113 en 128 kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)