Frijheidstrein yn Ljouwert

11 apr 2010 - 10:53

De trein 'Stilstaan bij Vrijheid' docht snein it Ljouwerter treinstasjon oan. De trein rydt fiif wiken lang troch Nederlân fanwege it feit dat it fyfensechtich jier lyn is dat Nederlân befrijd waard. Yn de trein binne twa eksposysjes te sjen dy't hâlden wurde yn gearwurking mei lokale organisaasjes.

By ien fan de eksposysjes kinne besikers saken út of oer de oarloch sjen litte oan saakkundigen. Ek is der op it perron in ynformaasjemerk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)