Dineke troch nei finale

11 apr 2010 - 08:45

Saksofoaniste Dineke Nauta (17) út Easterwierrum is troch nei de finale fan it Prinses Christina Concours. Dineke waard sneon mei sân oaren keazen by de heale finale. Dat waard dien troch in sjuery mei dêryn ek fioelist Theo Olof en hoarnist Jacob Slagter.

Dineke wûn by de heale finale ek ien fan de trije publyksprizen. De finale fan it Prinses Christina Concours is op 25 april yn Den Haag.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)