Tefredenens oer museumwykein

In soad grutte en lytse musea hawwe dit wykein de doarren fergees iepen. De opkomst oant no ta stelt ta tefredenheid. Nei ferwachting komme der yn Fryslân meiïnoar goed 18.000 minsken op it museumwykein ôf.
Yn it Frysk Museum yn Ljouwert binne op it museumwykein twa nije brieven fan Mata Hari te sjen. It museum hat se kocht foar goed 1000 euro op in feiling. Se litte sjen dat Mata Hari goed wie yn it op 'e lije side oankommen fan skuldeaskers.