Jildpine foar brune float

10 apr 2010 - 17:22

Eigners fan skippen út de brune float yn Harns kinne mar dreech jild liene fan de bank. Dat komt omdat de takomst fan de float ûnwis is. Meikoarten rint in kontrakt mei de gemeente oer de lisplakken ôf en banken wolle earst wissichheid ha oer ferlinging fan dat kontrakt.

De jildpine fan de brune float waard sneon dúdlik by de iepening fan de floatdagen yn Harns. Dêr waard ek dúdlik dat it imago fan de brune float de ôfrûne jierren ferbettere is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)