Veenema wint Condensrin

10 apr 2010 - 15:17

Hurdrinners Jan Albert Veenema fan Snits en Yvonne Kassenberg út Burgum hawwe de tradisjonele Condensrin wûn. Sy pakten dêrmei ek de Noardlike titel. Beide atleten rûnen de heale maraton yn in nij persoanlik rekôr.

Veenema rûn 1.14,41. Hy hie 1.35 menút foarsprong op Douwe Nauta út Ljouwert, tredde waard Willem de Boer fan Eksmoarre yn 1.16.29. Yvonne Kassenberg kaam yn 1.20.23 oer de einstreek, tsien minuten letter folge troch Inge Wulffelé út Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)