Man mei drugs arrestearre
In 19-jierrige Ljouwerter is yn 'e nacht fan freed op sneon op 'e Weaze yn syn wenplak oanhâlden. De jongeman hie ferskate soarten drugs en in mes by him. De plysje waard warskôge om't de man in hoarekasaak yn en út rûn wylst er der in tagongsferbod foar hie.
De man hie seis boltsjes kokaïne en heroïne by him. Dy binne mei it mes yn beslach naam.