Famkes pakt foar stellerij

Twa famkes fan 13 en 14 jier út Harns binne freedtemiddei pakt by it stellen fan klean yn in winkel yn harren eigen wenplak. De plysje naam de beide famkes mei nei it plysjeburo. Der die bliken dat se ek by oare winkels guod stellen hiene. It gie om kosmetika, cd's, sieraden en toiletartikelen.
Tsjin de famkes is proses-ferbaal opmakke. Dêrnei binne se oerdroegen oan de âlden.