Foedselbank yn Dokkum

Yn septimber wurde de earste itenspakketten útjûn yn Dokkum, want de Foedselbank Dongeradiel is in feit. De oprjochtingsakte is passearre, de frijwilligers stean klear en de oanfier fan itenspakketten is regele.
It is allinnich noch net definityf wêr't de bank komt. It bestjoer hat in plak op it each, mar der is 17.000 euro startkapitaal nedich om dêr los te kinnen. Komt it jild der net, dan begjint de bank earst yn in garaazje.