GHB: man springt yn grêft

It wetter fan 'e Nijstêd (foto: Omrop Fryslân)
Helpferlieners yn Ljouwert hiene it freedtejûn drok mei twa GHB-brûkers. In Ljouwerter (25) rekke sa yn 'e war fan 'e drugs dat er oant twa kear ta yn it wetter fan 'e Nijstêd sprong. Omstanners hellen him derút. De ûnderkuolle man is nei it sikehûs brocht. Om't er lilk waard op de helpferlieners, krige er boeien om.
Letter dyselde nacht waard in man (24) út Burgum net lekker nei't er GHB brûkt hie. De man rekke op 'e Nijstêd út 'e tiid en is nei is sikehûs brocht.