Starters yn nij Rabobankgebou

Foto: Rabobank
Yn it nije gebou fan de Rabobank op It Hearrenfean kinne ûndernimmers húsfesting en advys krije. It nije kantoar neist it Abe Lenstrastadion waard freed iepene. De bank wol startende ûndernimmers foar maksimaal ien jier helpe mei it jaan fan bedriuwsromte en advys. Der is romte foar achttjin starters.
Neist ûndernimmers kinne ferienings en organisaasjes dy't romte hawwe moatte foar it organisearen fan aktiviteiten ek plak krije yn it gebou.