Ofskie yn styl foar Terp

10 apr 2010 - 10:14
  • Foto's: Omrop Fryslân

In bewenner fan opfanghûs De Terp yn Ljouwert makke freed in wol hiel spesjale reis. Nico is terminaal siik en ferslaafd. Syn lêste winsk wie om yn styl ôfskie te nimmen.

De stifting Vrienden fan de Terp soarge derfoar dat Nico fuort koe mei in ferlingde wite limosine. Dêrmei gong er nei de omkriten fan It Hearrenfean dêr't er weikomt. Dêr hat er ôfskie nommen fan in freondinne en in tsjerkhôf besocht. De middeis kaam Nico wurch werom by it opfanghûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)