Follybalfroulju Snits A-league

10 apr 2010 - 09:54

It frouljusteam fan Volleybalclub Snits hat him oanmeld foar de A-league fan de NeVoBo. De club hâldt wol in slach om 'e earm foar dielname oan it heechste nivo, omdat earst de finânsjes noch regele wurde moatte.

De gemeente Snits stelde fan 'e wike 30.000 euro beskikber om meidwaan te kinnen oan 'e A-league. Dêrmei is der lykwols noch net genôch jild. It bestjoer besiket dat no noch byelkoar te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)