Earste nominaasjes Liet bekend

De earste trije nominaasjes foar de finale fan it Liet-festival fan dit jier binne bekend. Freedtejûn waarden by de foarronde yn Heech sjongeres Louiza Saitova, punkrockband N.N.B. en de groep Fjoerich Famke keazen.
Ek by de fjouwer foarrondes dy't noch folgje wurde elk trije dielnimmers selekteard. Ut de fyftjin kandidaten dy't dat opsmyt kiest in sjuery tsien dielnimmers oan de finale. It publyk mei noch in alfde dielnimmers kieze. De finale wurdt hâlden op 22 maaie.