Auto's yn 'e brân stutsen

Foto: Anton Kappers
Yn Ljouwert binne yn de nacht fan freed op sneon yn in healoere tiid trije auto's yn 'e brân stutsen. Dat wie om trije oere hinne, ûnder oare yn de Kastanjestrjitte en de Eikenstrjitte.
Om achter de dieders te kommen hat de plysje Burgernet ynset. De aksje hat lykwols neat opsmiten. Der binne gjin fertochten fûn. De brânwacht koe foarkomme dat de auto's folslein útbaarnden. Wol rûnen se skea op.