Alderlêste kear Frisia Cantat

It toankeunstkoar Frisia Cantat út Drachten hâldt der nei 85 jier mei op. Freedtejûn wie yn Drachten in slotkonsert en snein sjongt it 37 man grutte koar foar de alderlêste kear yn de Krústsjerke yn Burgum.
Ferline jier namen de leden fan Frisia Cantat al it beslút om der mei op te hâlden. It koar fergrizet bot en jonge minsken fine sjonge yn in klassyk koar net ynteressant. It âldste lid is 82 jier en hat as sopraan 62 jier by Frisia Cantat songen.