Erfpacht Waadeilannen omheech

09 apr 2010 - 17:56

De erfpacht foar fakânsjewenningen op de Waadeilannen giet de kommende fiif jier stapsgewiis omheech. Dat hat minister Verburg (LNV) freedtemiddei bekendmakke.

Der is op de eilannen in soad ferset tsjin in ferheging fan de pachttariven. Dochs sille de tariven jierliks wat omheech gean. Mei hoefolle krekt is per fakânsjewenning ferskillend. Mei elkoar giet it om 350 pachtkontrakten op de Waadeilannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)