Roorda wis, Bak Nielsen net

09 apr 2010 - 14:15

SC Hearrenfean moat it sneontejûn yn Enschede opnimme tsjin koprinner FC Twente. Trainer Jan Everse hat personele problemen. Michael Dingsdag en Oussama Assaidi binne skorst, Kristian Bak Nielsen hat de gryp. Kin Bak Nielsen net spylje, dan stean Viktor Elm en Philip Haglund sintraal achteryn. Geert Arend Roorda begjint yn de basis.

FC Twente hat fjouwer punten foarsprong op Ajax en fiif op PSV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)