Lippe Lap wurdt Lippe Wonen

09 apr 2010 - 13:31

De winkels fan Lippe Lap krije in nije namme: Lippe Wonen. Ek it logo is feroare, dat wurdt no brún-griis mei wyt. Alhoewol't Lippe Lap al hast 40 jier in begrip is, hat it bedriuw dochs foar in nije namme keazen.

De lêste jierren binne der winkels bykaam op plakken dêr't Lippe Lap net sa bekend is. Ek binne der ambysjes om bûten Fryslân út te wreidzjen. En minsken dy't it bedriuw net kinne hiene troch de âlde namme faak in ferkeard byld fan de winkels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)