'Fryslân lêst syn toppers'

09 apr 2010 - 11:56

Mei it projekt 'Fryslân lêst syn toppers' moatte Friezen der ta brocht wurde mear Fryske boeken te lêzen en dêroer te praten. De literêre aktiviteit komt yn it plak fan de tradisjonele sutelaksje, dy't dit jier foar it earst net mear hâlden wurdt.

Ferskate organisaasjes wurkje gear om wat oan de ûntlêzing te dwaan. Freed sette de nije kampanje dy't in jier lang duorje sil útein op de freedsmerk fan Burgum. Op website sirkwy.nl kin tsjet wurde oer Fryske literatuer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)