Klok werom yn toer Stiens

09 apr 2010 - 10:39

De Sint Vitustoer yn Stiens krijt syn klok werom. De toer is restaurearre. De ikehouten klokkestoel moast ek opknapt wurde. De lytste klok fan de klokkestoel, de Annaklok, is ferline jier septimber foar reparaasje oerbrocht nei in wurkpleats yn Asten.

Moandei wurdt de klok út 1381 mei in kraan weromhongen yn de klokkestoel. De ynstallaasje fan 'e folsleine klokkestoel duorret ûngefear in wike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)