Stel yn sleat njonken A7

09 apr 2010 - 10:03

In man en frou út Sint Nyk binne tongersdei ferwûne rekke neidat sy op de A7 by Eksmoarre fan 'e dyk rekken mei harren auto. De 23-jierrige bestjoerster rekke troch ûnbekende oarsaak fan de dyk, wêrtroch de auto op 'e kop yn 'e sleat bedarre. Se koe sels út de auto komme.

De 25-jierrige man moast troch de brânwacht en ambulânsepersoaniel út de auto helle wurde. Beide binne mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)