Frou (68) botst op auto's
In frou (68) fan De Lemmer is tongersdei har rydbewiis kwytrekke neidat se op in oare auto klapte. De Lemster ried op de Schouw/Almere doe't se op de ferkearde kant fan de dyk bedarre. Mooglik rekke se de stoepe en hie se de auto net ûnder kontrôle. Dêrop klapte se op de earste tsjinlizzer dy't se tsjinkaam en rekke dêrnei ek in twadde auto.
De frou wie mooglik út de tiid op it stuit dat se op de ferkearde weihelte bedarre. Se is nei it sikehûs brocht.