Nij kolleezje Dantumadiel

Dantumadiel hat in nij kolleezje fan b en w
Dantumadiel hat in nij kolleezje. Njonken boargemaster Arie Aalbers bestiet dat út wethâlders Roelof Bos fan it CDA, Siepie Hylkema fan de PvdA en Marianne Hofs-Hendriks fan Dantumadeel '82.
Dy lêste hat wolwêzen yn har portefeuille. Hylkema nimt ûnderwiis, kultuer, ekonomy en toerisme foar har rekken en Bos wenjen, wurkjen, romtlike oardening en miljeu. It kolleezje wurdt tiisdei ysntallearre.