Mear bedriuwen yn doarpen

Der moatte mear en gruttere bedriuwen yn doarpen komme
De polityk moat net allinich jild stekke yn de grutte bedriuweterreinen oan sneldiken yn Fryslân. Dat is de útkomst fan in ûndersyk fan de noardlike Keamer fan Keaphannel oer de takomst fan Fryske bedriuweterreinen.
As de oerheden jild stekke yn lytsere bedriuweterreinen kinne dy ek grutter wurde. Politisi konsentrearje har no te bot op de grutte terreinen by Snits, It Hearrenfean en Drachten, wylst yn doarpen ek romte is foar mear en gruttere bedriuwen.