Utstalling oer takomst skries

De skries driget út it Fryske lânskip te ferdwinen. Om dêr omtinken foar te freegjen is der yn Warkum in útstalling iepene. It is in idee fan Theunis Piersma, dy't al jierren ûndersyk docht nei de skries.
Troch in oare manier fan buorkjen en omgean mei it lânskip is der neffens him hieltyd minder romte foar de skries en oare greidefûgels. En dêrmei ferliest Fryslân in part fan syn identiteit.