Undersyk op Ingelsmanplaat

De Kalkman leit in stik leger as oare jierren
Op de Kalkman - ek wol bekend as Ingelsmanplaat - yn de Waadsee binne diggels fûn dy't mooglik út de tsiende ieu nei Kristus komme. Steatsboskbehear wol hjir fierder ûndersyk nei dwaan. Kommende sneon sil in delegaasje fan Steatsboskbehear mei in tal waadrinners en fûgelwachters nei de plaat ta om nije spoaren te sykjen.
Op dit stuit leit de plaat 2,5 meter leger as oare jierren. Dit komt troch sânôfslach.