Fryske help foar Sierra Leöane

08 apr 2010 - 13:17

Diabetes-ferpleechkundige Nynke Landman fan Nijesyl giet freed foar twa moanne nei in sikehûs yn Sierra Leöane.Se wol dêr de soarch foar diabetes pasjinten ferbetterje. Medisinen binne dêr min te krijen en der is te min kennis oer diabetes.

Landman hat ek de Nederlânske fariant fan de stifting 'Insulin foar Life' oprjochte. Dy stifting sammelet medisinen en materiaal út Nederlân yn foar 70 ûntwikkelingslannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)